klik hier om te luisteren naar een Friese tekst, voorgelezen door Henk Wolf.
U kunt hieronder de tekst meelezen, het is een vertaling van de beginpagina:
Friezen hoecht men soks śtsoarte net sizze; Nederlān hat ek oare lānseigen
tongslaggen as inkeld mar it Hollānsk, as wol alleman it ek net wźze. Der
binne trije mear dy't foar taal yn 't boek steane. Dy trije tongslaggen binne
neffens it Europeesk Hānfźst saneamde regionale of minderheidstalen yn de
nasjonale steat. De Rie fan Europa hat dat hānfźst opsteld, dat de lytse talen
yn de Europeeske Mienskip net ūnder rūn wurde. Se hearre ommers ta it
kultuererfskip en beskiede mei wa't wy fiele dat wy binne.
De Hollānske namme foar Frysk, Limburchsk en Nedersaksysk is 'streektaal', oars
wat in nuveraardige en betiizgjende oersetting fan it Ingelske 'regional
language'. Ommers, neffens Van Dale is in 'streektaal' oars net as in dialekt,
en dat wie no krekt wat in streektaal net is, alteast net fan it Hollānsk. Wie
dat al sa - it soe ūnder it hānfźst nea net yn de beneaming komme om de namme
'streektaal' te dragen. In oard betingst op dat stik is dat de oanbelangjende
tongslach fanālds heard wurdt ūnder de folken fan Nederlān. Dat betsjut dat lānsfrjemde
spraken lykas Turksk likemin streektaal wźze kin as Brabānsk, Betuwsk en sokke
dialekten mear. Sa net, it ūnderskied tusken dialekt en (streek)taal is betiden
o sa dizenich. Yn it ginneraal wurdt in tongslach mei in eigen oarsprong en ūntjouwing
net as dialekt beskōge. Fangefolgen mei men Frysk, Limburchsk en Nedersaksysk
wol streektaal neame, mar Brabānsk en Utertsk net. It Hooghaarlemmerdijks is
ommers foar in grut part op in klippe fan dy dialekten boud.
It ryksregear makket ūnderskied betusken regionale talen en minderheidstalen.
It Westerlauwerske Frysk moat as minderheidstaal hoede wurde neffens de kźsten
śt haadstik III fan it hānfźst. De Friezen sjogge it rjocht bekrźftige dat
se sels kieze kinne hokker taal oft se troch 'en dei brūke (350.000 ha it
boerefrysk mei de tate ynsūge). Fierders binne de hege hearen ferplichte om war
te dwaan, dat it Frysk rūnom brūkt wurdt. Sa komme kombuorden almeast
twatalich en sil langer gjin rjochter ien foar it stekje mear it near oplizze at
er Frysk prate wol. De beskerming fan Nedersaksysk en Limburchsk is regele yn
haadstik II (haadstik I befettet in ynlieding). Frije taalkar wurdt dźr net yn
bekrźftige, mar de oerheid is al ferplichte en stypje it brūken fan de talen.
It ryksregear hat it Nedersaksysk yn 1995 as regionale taal oantsjut, en it
Limburchsk jildt sūnt 1997 ek as sadanich. Kleare maatregels om de talen foarśt
te helpen binne der oant no ta net.
Op it kaartsje hjirūnder steane de streektalen śt it Nederlānske gebiet. It
Sieusk, foar de wet noch net in streektaal, giet dźr satliket al foar. Klik
hjirre om in kaartsje te krijen mei ynternasjonale dialektskiedings.