Sieusk






It Sieusk is in Friso-Frankyske streektaal. Mei it West- en Frānsk-Flaamsk foarmet it in apart kluster sśdwest-Nederlānske dialekten. Jacob van Maerlant ūnderskiede al in tal selsstannige 'Dietse' (streek-)talen en it Sieusk is dźr ien fan, sa’t bliken docht śt ūnder mear de prolooch fan syn Sinte Fransiscus Leven:

Men moet om de rime te souken
Misselike tonghe in bouken:
Duuts, Diets, Brabants, Vlaemsch, Zeeus;
Walsch, Latijn, Griex ende Hebreeus

(Misselike tonghe = ferskate talen)

Sieusk waard doe dus stavere as 'Zee(u)s(ch)' en wie as begryp gongber as oantsjutting fan de taal fan de Flaamske kust. Dźrūnder ferstie men oant sawat begjin fyftjinde ieu it hiele eilānrike kustgebiet fan Oostvoorne oant foarby Duinkerken.
Tsjintwurdich, no’t streektalen en minderheidstalen folop yn de belangstelling stean, binne hieltiten mear minsken fan miening, dat it Sieusk, krekt as it Nedersaksysk en it Limburchsk, as selsstannige streektaal erkend wurde moatte soe. It Jeropeesk Hānfźst foar Streek- of Minderheidstalen jout dźr mear as genōch mooglikheden foar. Op provinsjaal nivo wurdt dźroer sūnt koarten oerlis fierd. De fraach dy’t dźrby fansels opkomt, is oft dy erkenning ek foar it Frānsk- en West-Flaamsk jilde moatte soe. Belgje en Frankryk hawwe it niisneamde hānfźst lykwols net ūndertekene, al soe Frankryk op it punt stean dat no wol te dwaan. Der is oerlis tusken Seelān en Frānsk-Flaanderen.

Regiolekten en skaaimerken
It Sieusk is ūnder te ferdielen yn in tal dialektgroepen of regiolekten: Svores (Oostvoorne en omkriten), Goereźs, Flakkees, Fluplands (St. Philipslands), Thools, Schouws, Duvelands, Noord-Bevelands, Zuud-Bevelands, Walchers, West-Zeźuws-Vlaoms (of Cezands) en Land-van-Axels. Dźrnjonken is it Sieusk nau besibbe oan it West-Flaamsk.
De dialekten fan it Land van Hulst, it eastlikste diel fan Sieusk Flaanderen, en in tal Sieusk-Flaamske grinsdoarpkes binne gjin Sieuske, mar east-Flaamske (dus Frankyske) dialekten.
Binnen de ferskate regiolekten hawwe de measte plakken in eigen dialekt. Mar hieltyd mear fan dy pleatslike dialekten ferflakje. Meastal binne allinnich de dialekten fan 'sletten' mienskippen noch dśdlik fan de dialekten fan omlizzende plakken te ūnderskieden (Ouddorp, Bruinisse, Yerseke, Arnemuiden, Westkapelle, Eede). Oan sprekkers is noch wol hieltyd dśdlik te hearren śt hokker krite hja komme en binnen gruttere streken as Flakkee, Sśd-Bevelān en Schouwen bestean regionale ferskillen. Dy ferskillen binne hast altyd east-west oriļntearre.
In apart plak binnen it Sieuske wurdt ynnommen troch it boarger-Sieusk fan Middelburch en Vlissingen (tsjintwurdich ek East- en West-Souburg), dat tige bot ferskilt fan it Walcherske plattelānsdialekt deromhinne. De dialekten fan oare stźden en stedsjes as Zierikzee, Goes, Veere, Tholen, Oostburg, Axel en Terneuzen wike folle minder ōf fan de plattelānsdialekten deromhinne.
De neamde regiolekten litte nei it suden ta hieltyd mear Flaamske skaaimerken sjen. Is op Schouwen in simmer yn Seelān noch gewoan in 'zomer in Zeźland', fan Walcheren en Sśd-Bevelān ōf wurdt dat in 'zeumer'. En op it kwa wurdskat wat noardlikere Sśd-Bevelān yt men 'aerebemezen' of 'aerebezems', op Walcheren binne dat 'frinzen' of 'frenzen' (fan it Frānske 'fraises').
It dialekt fan midden en westlik Sieusk-Flaanderen lyket tige op it West-Flaamsk fan 'sjuust over de grenze'. Ienige opmerklike ferskil is it ūntbrekken fan de oe-śtspraak fan de Nederlānskse ou yn Sieusk-Flaanderen. En de wurdskat van Sieusk-Flaanderen is folle mear as dy fan it West-Flaamsk oantaasten troch it Nederlānsk.

Oantal sprekkers
Ut in trijetal regionale ūndersiken (Evenhuis 1995; Riemens 1995; Menheere 1988) is ōf te lieden dat yn hiel Seelān wierskynlik noch foar mear as 60% fan de Sieuske befolking Sieusk de earste en wichtichste taal is. Fan de oare 40% hat seker de helt wat passive of aktive kennis fan de taal. Goeree, Schouwen en Duiveland, it uterste westen en easten van Sśd-Bevelān, de westpunt van Walcheren en West-Sieusk-Flaanderen hawwe de heechste persintaazjes dialektsprekkers. Positive śtsjitters binne doarpen as Bruinisse, Arnemuiden en Westkapelle (mei sels mear as 90% Sieusktaligen ūnder de jongerein) en de measte West-Sieusk-Flaamske doarpen (benammen Hoofdplaat, Breskens en Schoondijke).
Yn West-Flaanderen sprekt hast 90% fan de hiele befolking noch (by foarkar) West-Flaamsk (mear as 1 miljoen sprekkers). Yn Frānsk-Flaanderen wurdt de streektaal allinnich troch de alderāldsten (bytiden mear as 80%) en fyftich-plussers (sawat 10-50% sprekkers, ōfhinklik fan it plak) noch sprutsen (mei-inoar noch mar sa’n 20.000 sprekkers).
Der is yn Frānsk-Flaanderen lykwols in opmerklik grutte belangstelling foar kursussen yn de streektaal. De ferwachting is dan ek, dat it Frānsk-Flaamsk nea hielendal śtstjerre sil, mar hoe langer hoe mear foarbeholden wźze sil oan in relatyf lytse groep tige taalbewuste twataligen.
It totaal oantal sprekkers fan Sieusk/West-Flaamsk/Frānsk-Flaamsk leit, ynklusyf de sprekkers yn in oantal enklaves yn benammen Noard- en Sśd-Amearika (Michigan, Detroit, Braziliė) op rom 1,5 miljoen.

Aktiviteiten
De meast aktive belangstelling foar de taal fynt men (nei Frānsk-Flaanderen) yn de Zak van Sśd-Bevelān, wźr’t party skriuwers, dichters, fertellers, toanielgroepen en muzikanten wei komme. Benammen 's-Heerenhoek is wat dat oangiet in echte 'brānkearn'.
Op Walcheren wenje de measte 'stille' genieters: ferteljūnen wurde der tige druk besocht en der wurde relatyf in hiel soad publikaasjes yn en oer it dialekt kocht. Walcheren telt lykwols mar in bytsje skriuwers en fertellers en al hielendal gjin streektaalmuzikanten.
Benammen yn westlik Sieusk-Flaanderen is de belangstelling foar it Sieusk noch net grut, Nei alle gedachten omdat de taal dźr noch it minst bedriigd wurdt. It oangrinzjende West-Flaanderen lit datselde byld noch folle sterker sjen.

"Ynfrastruktuer"
De 'ynfrastruktuer' fan it Sieusk is, fergelike mei oare streken, noch tige beheind. It Sieusk hat in wiidweidich wurdboek Sieusk-Nederlānsk, mar in (būs-)wurdboek Nederlānsk-Sieusk ūntbrekt bygelyks. Der binne mar in pear bibelgedielten yn it Sieusk oersetten, der is noch gjin algemien akseptearre staveringssysteem, der binne gjin kursussen of lesprogramma's yn of oer it Sieusk beskikber, der wurdt troch de regionale media noch mar in hiel lyts bytsje oandacht oan de taal bestege, der is noch mar ien Sieusktalich tydskrift (Noe), der is gjin Sieuske streektaalfunksjonaris en der ferskynt mar in bytsje serieuze literatuer yn en oer de taal.
De ienige ynstānsjes dy’t har aktyf ynsette foar it behāld en de popularisearring fan de streektaal binne Stifting Zuudwest 7 (śtjouster fan ’t tiedschrift Noe, de Stifting Skoalle en Dialekt en sūnt koart de Zeeuwsche Vereeniging voor Dialectonderzoek (fanālds in, lykas de namme al seit, benammen op dialektologysk ūndersyk rjochte, wat fergrize feriening, dy’t op dit stuit lykwols tige war docht in nije rjochting yn te slaan).
Yn West-Flaanderen is de sitewaasje noch 'dramatysker', wylst de kānsen foar de taal dźr folle grutter binne as yn Seelān. It ōfrūne jier like der lykwols in lytse omslach te kommen, mei in bulte lanlike media-oandacht foar it West-Flaamsk, ūnder oare tanksij de ferskuorrende populźrens fan de West-Flaamske hip-hopband 't Hof van Commerce. Yn Frānsk-Flaanderen rint men by in soad inisjativen noch tsjin in net-wollende, sintralistyske oerheid oan. Dochs nimt dźr it tal kursisten yn frije kursussen Nederlānsk (yn tsjinstelling ta wat de namme fermoeden docht benammen 'Vlaemsch'-georiėnteerd) hieltyd fierder ta en ferskine der hieltyd mear Frānsk-Flaamske opskriften yn it strjittebyld.

Kolofon
Dizze ynlieding is skreaun troch Marco Evenhuis.