Nedersaksysk






Der bestean yn Nederlān meardere farianten fan it Nedersaksysk. Wichtige ferskillen binne der ū.m. yn Drinte en tusken dielen fan eastlik Oerisel, de Feluwe en de Achterhoek. De fariant Stellingwerfsk wurdt behalve yn de Fryske gemeenten East- en West-Stellingwerf ek sprutsen yn Noardwest-Oerisel en de gemeente Westerveld yn sśdwest-Drinte. It Nedersaksysk fan Nederlān slśt taalkundich besjoen oan by it Nedersaksysk/Nederdśtsk yn Noard-Dśtslān, dat yn de measte Dśtse dielsteaten erkend is yn it ramt fan diel III fan it Jeropeeske hānfźst.

Gebiet
It gebiet wźr’t it Nedersaksysk yn Nederlān sprutsen wurdt bestiet śt de provinsjes Grinslān, Drinte, Oerisel, de gemeenten East- en West-Stellingwerf yn sśdeast-Fryslān en de gebieten Achterhoek en Feluwe yn de provinsje Gelderlān. Yn Dśtslān wurdt it yn it hiele Noarden sprutsen, troch in min yn te skatten tal minsken, sjoch de kaart dy’t de Dśtske taalkundige H.Protze gearstalde. Foar in detaillearre werjefte fan Nedersaksyske dialekten yn Nederlān, sjoch by de taalkaarten.

Fersprieding
Drinte hat 457.347 ynwenners, Grinslān 557.951, Oerisel 1.057.186, de Nedersaksyske dielen fan Gelderlān mei-inoar 873.414 en de gemeenten East- en West-Stellingwerf tegearre 50.000. It totaal oantal ynwenners is 2.995.898. In ūndersyk dat inkele jierren ferlyn śtfierd waard troch de regionale radio fan Grinslān levere op dat sa'n 65% fan de ynwenners yn dy provinsje Nedersaksysk sprekt, d.w.s. de fariant Grinslānsk. Lźst men foar de foarsichtichheid 60% en ekstrapolearret men dat persintaazje nei it hiele gebiet, dan komt dat del op in tal sprekkers fan 1.797.539.

Status
De provinsjale oerheden fan Drinte, Grinslān, Oerisel en Gelderlān, de gemeentebestjoeren fan East- en West-Stellingwerf en it provinsjaal bestjoer fan Fryslān erkenne dat it Nedersaksysk beskerme en stimulearre wurde moat en fiere hjir belied op. It Nedersaksysk is troch it Nederlānske regear erkend yn it ramt fan it Jeropeesk Hānfźst neffens diel II. De regiobestjoeren hawwe it Nedersaksysk boppedat by de ryksoerheid foardroegen foar erkenning ūnder diel III.
It Nedersaksysk is foar Nederlānsktaligen ridlik oant goed fersteanber en de hālding is oer it generaal ferdraachsum. Dźrom wurdt it Nedersaksysk gewoanlik folslein akseptearre.

Iepenbiere ynstellingen en tsjinsten
Neffens gewoante kin men him yn it Nedersaksysk sawol skriftlik as mūnling ta de regionale oerheden en ferskate ynstellingen rjochtsje. De oerheden brūke lykwols komselden it Nedersaksysk. De rjochterlike ynstānsjes brūke it Nedersaksysk net, mar it brūken derfan troch fertochten en getugen is net ferbean. Yn de praktyk is de fersteanberheid fan wjerskanten it wichtichste kritearium en fiert tolerānsje de boppetoan.

Underwiis
Wat it basisūnderwiis oanbelanget wurdt allinnich yn de gemeenten East- en West-Stellingwerf yn strukturele sin omtinken jūn oan it Stellingwerfsk en dat is ferwurde yn it Skoalplan. It giet hjir benammen om passive behearsking fan it skreaune Stellingwerfsk troch ū.m. it oanbieden fan in trijetal periodiken foar bern en om taalbeskōgingsūnderwiis yn projektfoarm. Yn de oare regio's wurdt ynsidinteel, benammen op projektbasis, omtinken jūn oan it Nedersaksysk. Dat lźst jildt foar it hiele taalgebiet ek oangeande it ferfolchūnderwiis. Men kin kursussen folgje oan de ferskillende ynstituten yn de regio's. Universitźr kin it Nedersaksysk bestudearre wurde oan de Ryksuniversiteit Grins. Sa no en dan wurde kursussen oanbean oan ūnderwizend personiel.

Media
De ferskate regionale en lokale omroppen brūke it Nedersaksysk bytiden yn harren algemiene, mar geregeld oant faak yn programma’s oer de regionale kultuer. Yn tiid fariearje dizze programma's fan ien oant fiif oeren wyks. It brūken fan it Nedersaksysk yn kranten en tydskriften is yn guon regio's wat de nijsjouwing oanbelanget net ūngewoan, mar it is hiel gewoan yn proaza, poėzij en beskōgjende teksten oer regionale kultuer. Dat brūken hinget ū.m. gear mei de ferskiningsfrekwinsje en mei de oanwźzigens fan kulturele siden yn de ferskate edysjes en fariearret dźrmei fan ien oant twa kear wyks oant iens yn de fjirtjin dagen.

Ferskaat
Der is in wichtige skreaune tradysje yn it Nedersaksysk en in wichtige boekeproduksje. Per regio ferskine der alle jierren 8-12 nije titels yn de streektaal, foar it hiele gebiet is dat ūngefear 50. De produksje fan cd's in de streektaal is opmerklik. In Grinslān bg. ferskine jierliks tsien nije titels, wylst yn Gelderlān oplagen fan 3000 stik net ūngewoan binne.
Yn it hiele Nedersaksyske taalgebiet is der in grut aanbod fan kabaret, revu en amateurtoaniel yn de streektaal. Geregeld wurde der tsjerketsjinsten yn de eigen taal hālden. Der binne yn de Nedersaksyske regio in grut oantal nijsgjirrige musea, bibleteken en kulturele sintra.

Colofon
Dizze ynlieding is skreaun troch Henk Bloemhoff
m.m.f. Pieter Jonker, Lex Schaars, Philo Bloemhoff en Siemon Reker