Limburchsk






Nei it Limburchske taalgebiet binne troch de jierren hinne faak djipgeande dialektūndersiken hālden. Dit hat te krijen mei de yngewikkelde gearstalling derfan. Net allinnich dat it him śtstrekt oer trije lannen, it markearret ek nochris in oergongsgebiet tusken it saneamde Nederfrankysk (wźrūnder it Nederlānsk) en it Sintraalfrankysk (wźr’t in stik of wat Dśtske dialekten ūnder falle). It Limburchsk kenmerket him dus troch in grutte ōfstān ta it Nederlānsk, mar hat dźr ek dśdlike oerienkomsten mei, benammen mei de sśdlike dialekten. Yn it Limburchsk binne ek śtdrukkings en grammatikale konstruksjes bewarre bleaun dy’t yn it Nederlānsk net mear foarkomme, lykas bygelyks de namfallen. Foar mear oer de eigenaardichheden, maatskiplike en kulturele status fan dizze taal, sjoch de sitewaasjeskets.

Limburchsk offisjeel as taal erkend
Op 14 febrewaris 1997 is it Limburchsk offisjeel troch it Nederlānske regear as 'frjemde' taal erkend, ūnder it Jeropeesk Hānfźst foar Regionale en Minderheidstalen. Fan de politike partij "Pertie Nuuj Limburg" (PNL) is yn de simmer fan 2000 in inisjatyffoarstel komd om it brūken fan de Limburchske taal fierder te stypjen en om in 'Algemien skreaun Limburchsk' (AGL) te ūntwikkeljen en promoaten. Dit foarstel is behannele yn de deputearre steaten fan Nederlānsk Limburch. Nei it falle litten fan it AGL, dźr’t noch net genōch politike stipe foar wie, is it foarstel oannommen. Dit betsjut ū.o. dat der in streektaalfunksjonaris oanwiisd is en dat in Rie foar it Limburchsk opsetten wurde sil. De streektaalfunksjonaris is op dit stuit Ton van de Wijngaard.

It Limburchsk is gjin dialekt, mar in taal
De Limburchske taal is in selsstannige en folweardige, oan it Dśtsk en Nederlānsk besibbe taal. It hat in oare oarsprong as it Nederlānsk en bestrykt in frij grut gebiet. Yn Limburch sprekke sawat in miljoen minsken Limburchsk en it taalgebiet leit yn trije lannen: Belgje, Dśtslān (gemeente Zelfkant) en Nederlān. De Limburchske taal wurdt troch in soad oantsjutten as "de Limburchske dialekten". Dit is fout, want in dialekt is in ōflate foarm fan in selsstannige en folweardige taal. It Limburchsk, lykwols, is in ūnder it Jeropeesk Hānfźst foar streektalen of talen fan minderheden erkende taal. It doel fan dit Hānfźst is it beskermjen en it fersterkjen fan de net-oerhearskjende talen yn Jeropa. Wichtich lykwols, foar de ōfbeakening fan it begryp dialekt, binne de kritearia dy’t it "European Bureau for Lesser Used Languages" (ūnderdiel fan de Jeropeeske Uny en ferbūn oan de Rie fan Jeropa, mei in eigen posysje binnen de UNESCO) hjirfoar hantearret: "dialekten rjochtsje harren wat de wurdskat, de sinsbou en de stavering oanbelanget nei de standerttaal". Net ien fan dizze trije kritearia is op de Limburchske taal fan tapassing. Boppedat hat it Limburchsk, sa’t hjir boppe oanjūn is, in formele status as taal. Hjirśt kin men konkludearje, dat it Limburchsk gjin dialekt is, lit stean in dialekt fan it Nederlānsk, sa’t guon lānslju ha wolle, mar ien taal. Wat hjir by fersin mei “Limburchske dialekten” oantsjutten wurdt, binne yn werklikheid farianten en tongfallen fan de Limburchske taal (elke taal hat dizze ferskynsels):

  • In fariant is in diel fan in bepaalde taal, dat him troch in bysūnder skaaimerk, oars as op grūn fan klanksynonimen, fan in oar diel fan dy taal ūnderskiedet. Dit begryp hat betrekking op de wurdfoarm (bepaald troch de konsonanten). Beėasten de Panninger Linie wurdt bygelyks de s~ in sekere gefallen as in sj~ śtsprutsen (sjtraot, sjmiete), en besuden as in skerpe s~ (straot, smiete).

  • - In tongfal is in lokale śtspraak fan itselde wurd binnen in bepaalde taal op grūn fan klanksynonimen. Dit begryp hat betrekking op de wurdklank (bepaald troch de fokalen). It Limburchske wurd foar grut hat bygelyks karakteristike streekbūne klanken: groet, groeėt, grwat, ensafuorthinne.

Oersetting: Douwe van der Meulen