Wolkom!
Friezen hoecht men soks śtsoarte net sizze; Nederlān hat ek oare lānseigen
tongslaggen as inkeld mar it Hollānsk, as wol alleman it ek net wźze.
Der binne trije mear dy't foar taal yn 't boek steane. Dy trije
tongslaggen binne neffens it Europeesk Hānfźst saneamde regionale of
minderheidstalen yn 'e nasjonale steat. De Rie fan Europa hat dat hānfźst
opsteld, dat de lytse talen yn 'e Jeropeeske Mienskip net ūnder rūn
wurde. Se hearre ommers ta it kultuererfskip en beskiede mei wa't wy fiele
dat wy binne.
De Hollānske namme foar Frysk, Limburchsk en Nedersaksysk is
'streektaal', oars wat in nuveraardige en betiizgjende oersetting fan it
Ingelske 'regional language'. Ommers, neffens Van Dale is in 'streektaal'
oars net as in dialekt, en dat wie no krekt wat in streektaal net is,
alteast net fan it Hollānsk. Wie dat al sa - it soe ūnder it hānfźst
nea net yn 'e beneaming komme om de namme 'streektaal' te dragen. In oard
betingst op dat stik is dat de oanbelangjende tongslach fanālds heard
wurdt ūnder de folken fan Nederlān. Dat betsjut dat lānsfrjemde spraken
lykas Turksk likemin streektaal wźze kin as Brabānsk, Betuwsk en sokke
dialekten mear. Sa net, it ūnderskied tusken dialekt en (streek)taal is
betiden o sa dizenich. Yn it ginneraal wurdt in tongslach mei in eigen
oarsprong en ūntjouwing net as dialekt beskōge. Fangefolgen mei men
Frysk, Limburchsk en Nedersaksysk wol streektaal neame, mar Brabānsk en
Utertsk net. It Hooghaarlemmerdijks is ommers foar in grut part op in
klippe fan dy dialekten boud.
It ryksregear makket ūnderskied betusken regionale talen en
minderheidstalen. It Westerlauwerske Frysk moat as minderheidstaal hoede
wurde neffens de kźsten śt haadstik III fan it hānfźst. De Friezen
sjogge it rjocht bekrźftige dat se sels kieze kinne hokker taal oft se
troch 'en dei brūke (350.000 ha it boerefrysk mei de tate ynsūge).
Fierders binne de hege hearen ferplichte om war te dwaan, dat it Frysk rūnom
brūkt wurdt. Sa komme kombuorden almeast twatalich en sil langer gjin
rjochter ien foar it stekje mear it near oplizze at er Frysk prate wol. De
beskerming fan Nedersaksysk en Limburchsk is regele yn haadstik II
(haadstik I befettet in ynlieding). Frije taalkar wurdt dźr net yn bekrźftige,
mar de oerheid is al ferplichte en stypje it brūken fan de talen. It
ryksregear hat it Nedersaksysk yn 1995 as regionale taal oantsjut, en it
Limburchsk jildt sūnt 1997 ek as sadanich. Kleare maatregels om de talen
foarśt te helpen binne der oant no ta net.
Op it kaartsje hjirūnder steane de streektalen śt it Nederlānske
gebiet. It Sieusk, foar de wet noch net in streektaal, giet dźr satliket
al foar. Klik hjirre om in kaartsje te krijen mei ynternasjonale
dialektskiedings.
Njonken de fjouwer streektalen wurde der yn 'e lege lannen gāns dialekten
praat. De stifting Nederlandse Dialecten ūnderskiedt sa'n 25
haaddialekten yn 'e Belgysk-Nederlānske regio. Linke provinsje binne dat
om-ende-by trije. De rānestźd Hollān en de Iselmarpolders wurde net
achte. Yn Hollān hat de Hollānske standerttaal de dialekten fierhinne
ferfongen, yn de jonge poldermienskippen wurdt fan alles praat, mei it
Hollānsk as lingua franca. Klik hjirre om in ferliking te sjen fan de
dialekten yn Nederlān.
|