Frysk

Staveringshifker

Fryske staveringshifker foar Windows 2003 (XP, 2003) + Office 2000 en heger (XP, 2003)

Yn opdracht fan de provinsje Fryslân hawwe de Fryske Akademy en it taalautomatisearringsbedriuw Polderland Language & Speech Technology B.V. in Fryske staveringshifker foar Microsoft® Office® makke. Dizze staveringshifker is te brûken op de nijste programma's fan Microsoft®: fan Windows en Office 2000 oant en mei 2003 (2000 XP, 2003). Foar Word 97 is in âlde ferzje (WinZip) fan de staveringshifker beskikber.

Dizze staveringshifker is in ferbettering fan de âlde ferzje. De wurdlist, dy’t de basis is foar de staveringshifker, is útwreide mei 72.000 wurdfoarmen.

De staveringshifker ynlade.