Frysk






Gebiet
Mei ‘Frysk’ wurdt troch de measte minsken it Westlauwersk Frysk bedoeld. Westlauwersk Frysk (it Frysk bewesten de Lauwer) wurdt sprutsen yn de Nederlânske provinsje Fryslân en yn de meast westlike dielen fan Grinslân. Bűten Nederlân wurde dizze dialekten ‘Westfrysk’ neamd, mar binnen Nederlân refereart dizze namme oan dialekten fan Noard-Hollân, dy’t fan oarsprong Hollânsk binne (wol mei wat Fryske ynfloeden).

Oantal sprekkers
Fryslân hat mear as 600.000 ynwenners, węrfan’t 450.000 Frysk prate kinne. Foar űngefear 350.000 is it de memmetaal. It oantal sprekkers yn oanswettende gebieten yn Grinslân leit wierskynlik om de 3000. In sosjolinguistyk űndersyk út 1994 joech oan dat 94% fan de hiele Fryske befolking it Frysk begripe kin, 74% kin it sprekke, 65% kin it lęze en 17% kin it skriuwe. De sprekkers fan it Frysk foarmje in (grutte) mearderheid op it plattelân, en in (hiele lytse) minderheid yn de stęden, op de Waadeilannen en de Stellingwerven (węr’t fan oarsprong in Nedersaksysk dialekt sprutsen wurdt).

Status
Fryslân is al sűnt in oantal desennia troch de Nederlânske oerheid as twatalige provinsje erkend. Yn 1996 waard it Jeropeesk Ferdrach foar Regionale en Minderheidstalen yn Nederlân ratifisearre, węrűnder it Frysk neffens haadstik III (48 opsjes foar taalbeskerming) erkend waard. Yn 2001 waard in Konvenant Fryske Taal en kultuer tusken de Nederlânske oerheid en de provinsje Fryslân sletten. Dit dokumint is de ymplemintaasje fan boppeneamd Jeropeesk Ferdrach. Yn 1995 waard it offisjeel tastien om Frysk te praten yn lokale en provinsjale gearkomsten. Sűnt 1997 is it ek offisjeel tastien om Frysk te brűken foar it gerjocht, alhoewol’t it Frysk praten fansels al troch de fingers sjoen waard. Troch in tal wetswizigingen yn de lęste jierren binne offisjele stikken yn it Frysk sa goed as altyd rjochtsjildich. Yn 1980 waard Frysk in fak op de basisskoalle, yn 1993 ek yn de earste fiif jier fan it fuortset űnderwiis. Al yn de jierren santich wie it mooglik om Frysk as eksamenfak te kiezen. De provinsjale oerheid en ferskate gemeenten binne sűnt koart begűn mei aktyf taalbelied. Yn de lęste tsien jier binne der no fjouwer plattelânsgemeenten węryn’t de offisjele plaknamme de Fryske is. Hast alle gemeenten op it fęstelân hawwe twatalige plaknammeboerden.

Publike tsjinsten
Oer it generaal kin Frysk sprutsen wurde mei publike ynstellingen. De provinsje en dielsteaten hawwe dit űnderwerp ta belied makke. Dokuminten fan de oerheid binne lykwols faak allinnich yn it Nederlânsk opsteld; Fryske en twatalige dokuminten binne tige seldsum. Yn de rjochtseal is it alle partijen, ynklusyf de foarroppen en de getugen, tastien Frysk te praten. As it nedich is, kin der in tolk ynskeakele wurde. De kantongerjochten akseptearje Fryske teksten, mar dit kin problemen opleverje by eventueel heger berop. Fryske dokuminten binne net wetlik binend. Fierders binne (plaknamme)boerden yn it Nederlânsk, Frysk of twatalich, ôfhinklik fan de kar fan de betreffende gemeente.

Media
Jierliks wurdt 37 oere Fryske televyzje op de nasjonale TV útstjoerd: alle sneinen in heal oerke ( op Ned.1) en 20 minuten yn’e wike foar skoalleradio en skoalletelevyzje (alle woansdeis). De regionale stjoerder Omrop Fryslân” stjoert alle dagen oardeloere TV út. (dit wurdt dan de hiele jűn werhelle, en ek ienkear de oare moarn). Omrop Fryslân stjoert ek noch ris 80 oere Fryske radio yn’e wike út. Der binne gjin kranten, wykblęden of moanneblęden dy’t hielendal yn it Frysk ferskine. Yn beide provinsjale kranten ferskine komselden artikels yn it Frysk, dy’t allegear gean oer kulturele saken yn de provinsje. Wol wurde Fryske sitaten yn alle artikels (mits oanwęzich) yn it Frysk werjűn. Der is in frijwat grutte literęre produksje. Der is ien profesjoneel teater, dat nochal wat besikers lűkt. Yn de measte plakken komme amateur dramagroepen foar.

Oersetting: Douwe van der Meulen