In soad stelde fragen

  1. Hoe binne dialekten űntstien?


  2. Hoefolle dialekt wurdt der tsjintwurdich noch sprutsen?


  3. Is it praten fan in dialekt skealik foar kennis en feardigens fan it Standert Nederlânsk?


  4. Hokker dialekten yn Nederlân lykje it minst op Standert Nederlânsk?


  5. Wat is it ferskil tusken in dialekt en in erkende streektaal?


  6. Węrom wurde de dialekten fan noardeast Nederlân (Grinslânsk, Drintsk, Twintsk, Stellingwerfsk, Oeriselsk en Achterhoeksk) mei-inoar Nedersaksysk neamd?


  7. Hoe komt it dan dat de namme ‘Fryslân’ ek foar it noardlike diel fan Noard-Hollân en foar dielen fan de Noardseekust fan Dútslân brűkt wurdt?


  8. Yn Belgje lizze ek provinsjes mei de nammen ‘Limburch’en ‘Brabân’, hoe sit dat?


  9. Wat wurdt der krekt bedoeld mei de namme ‘Flaamsk’?






Hoe binne dialekten űntstien?
Fan âlds wurdt der yn elke streek fan Nederlân in eigen Germaanske taalfariant sprutsen. De farianten fan oanbuorjende doarpen liken in soad op inoar, en hoe grutter de ôfstân, nammerste grutter it ferskil tusken de ferskate taalfarianten. Dizze taalferskillen binne groeid út it Aldgermaansk. De hjoeddeiske dialekten binne dus eins in soarte “efterneefkes’ fan ien grutte Germaanske taal, en binne dus allegearre besibbe oan inoar. Dizze besibbens jildt net allinnich foar de dialekten yn Nederlân en Flaanderen, mar ek foar de dialekten yn Dútslân en Grut-Brittanje. Op in bepaald momint űntstie der ferlet fan in bettere kommunikaasje tusken de folken węrfan’t de talen in soad op inoar liken. Steatkundige grinzen hawwe hjirby in grutte rol spile. Om 1600 hinne is der fan Hollân, Brabân en Flaanderen út (dęr lei doedestiids it ekonomyske swiertepunt fan de Nederlannen) in begjin makke mei in algemiene skriuwtaal, dy’t safolle mooglik in kompromis wie tusken de dialekten fan Hollân, Brabân en Flaanderen. In wichtige stap yn dit proses wie it klearkommen fan in Nederlânske bibeloersetting, de steatebibel. Sűnt dy tiid hat it Standert Nederlânsk (ek wol ABN neamd) as lingua franca tsjinne foar skreaune teksten yn hiel Nederlân. Koartsein: dialekten hawwe der altyd al west, it is krekt de standerttaal dy’t op in bepaald stuit ‘űntstien’ is.



Hoefolle dialekt wurdt der tsjintwurdich noch sprutsen?
It is min yn te skatten hoefolle dialekt der tsjintwurdich noch sprutsen wurdt yn Nederlân,omt der nea algemien űndersyk nei dien wurdt. In goede skatting is, dat yn bepaalde dielen fan Nederlân, (Fryslân, Limburch en dielen fan Seelân) noch sawat troch 70% fan de ynwenners in dialekt sprutsen wurdt, yn guon provinsjes lei dat om ende by 50-60% (Grinslân,Drinte, Oerisel), yn oare dielen wurdt sa no en dan noch dialekt sprutsen (Gelderlân, Noard-Brabân, de kop fan Noard-Hollân) en yn Súd-Hollân, Utert en de rest fan Noard-Hollân wurdt amper mear dialekt sprutsen. Koartsein, hoe tichter by de Rânestęd, nammerste minder sterk de posysje fan it dialekt. Dit hat fansels te krijen mei it feit dat de dialekten yn de Rânestęd net folle mear fan it Standert Nederlânsk ferskille.
Klik hjir foar in oersjochkaartsje.



Is it praten fan in dialekt skealik foar kennis en feardigens fan it Standert Nederlânsk?
Nee, it praten fan in dialekt njonken it Nederlânsk is net skealik foar it praten fan Standert Nederlânsk. Ferskate űndersiken űnder basisskoallebern wize út dat bern dy’t njonken it Nederlânsk noch in dialekt prate, gemiddeld oer de bęste taalfeardigens beskikke. Faaks hat dit te krijen mei it feit dat twatalige persoanen (want sa kinne dialektsprekkers ek wol oantsjutten wurde) in goed taalgefoel űntwikkelje, omdat hja twa.taalsystemen njonken inoar oanleard hawwe.



Hokker dialekten yn Nederlân lykje it minst op Standert Nederlânsk?
It is min oan te jaan hokker dialekten de minste taalkundige oerienkomsten mei it Standert Nederlânsk hawwe, mar de bruorren Hoppenbrouwer hawwe hjir as earsten in yntegraal űndersyk nei dien. Fan likernôch 150 doarps- en stedsdialekten is it foarkommen fan in oantal spesifike skaaimerken fan dy dialekten teld, węrmei’t in rangoarder makke wurde kin oan de hân fan it Standert Nederlânsk. Hjir docht út bliken dat de dialekten fan Súd-Limburch it meast ôfwike fan it Standert Nederlânsk, folge troch de Grinslanner dialekten, inkele Flaamske doarpen en Fryske dialekten. De útkomst fan dit űndersyk kinne jo sjen op de side 'taalkaarten'.
Klik hjir foar in kaart mei de űndersyksresultaten.



Wat is it ferskil tusken in dialekt en in erkende streektaal?
Eins mar in lyts bytsje: guon dialektgroepen wurde erkend as aparte streektaal, oaren net. Op’t heden binne de erkende talen yn Nederlân (bűten it Standert Nederlânsk): Frysk.Limburchsk en Nedersaksysk. Dizze dialektgroepen hawwe net bydroegen oan it ta stân bringen fan it Standert Nederlânsk, en wurde dus as aparte talen beskôge. Dialektgroepen dy’t wol bydroegen hawwe oan it Standert Nederlânsk binne Hollânsk, Brabânsk en Flaamsk. Dit ferskil is foar in dialektsprekker lykwols net echt merkber. Ommers, bepaalde doarpsdialekten út bygelyks Brabân hawwe gjin oandiel hân yn it Standert Nederlânsk, mar wurde wól as dialekt.dęrfan sjoen, gewoan omdat tafallich de stedsdialekten fan Den Bosch en Antwerpen fan grutte ynfloed west hawwe. In oanfraach fan de provinsje Seelân, om ek it Sieusk as streektaal te erkennen, is trouwens ôfwiisd.



Węrom wurde de dialekten fan noardeast Nederlân (Grinslânsk, Drintsk, Twintsk, Stellingwerfsk, Oeriselsk en Achterhoeksk) mei-inoar Nedersaksysk neamd?
De dialekten fan de provinsjes Grinslân, Drinte, Oerisel en de Achterhoeke hawwe űnderling in soad oerienkomsten, en hawwe ek in mienskiplike ôfkomst. Dizze dialekten binne nammentlik besibbe oan de dialekten fan Noard-Dútslân. Dizze dialektgroep komt fuort út it Aldsaksysk, fandęr de namme. Dizze namme libbet ek fuort yn de namme fan de grutste dielsteat fan Noard-Dútslân: Niedersachsen.



Hoe komt it dan dat de namme ‘Fryslân’ ek foar it noardlike diel fan Noard-Hollân en foar dielen fan de Noardseekust fan Dútslân brűkt wurdt?
De Nederlânske provinsje is net de ienige regio mei dizze namme. Bekend is bygelyks de term West-Fryslân foar de kop fan Noard-Hollân. Mar ek bűten Nederlân binne der foarbylden: Ostfryslân en Nordfryslân yn Dútslân. Dizze gebieten lizze bylâns de.Noardseekust, en dęr sit de oerienkomst ek yn. Eartiids hienen de kustdialekten in dúdlike.oerienkomst mei inoar. Bepaalde talige skaaimerken komme benammen yn dy kustgebieten foar. Yn in pear fan dizze gebieten binne dy kenmerken ferdwűn (bygelyks Ostfryslân, mar ek yn de.kuststripe fan Hollân, Seelân en Flaanderen kamen dizze kenmerken in soad foar). Mar.yn de provinsje Fryslân en de Noard-Dútske regio libje dizze kenmerken noch hieltyd fuort.
De namme Fryslân komt lykwols út de âldheid: de Romeinen joegen de namme ‘Frisia’ oan de kustgebieten bylâns de Noardsee. Węr’t dizze namme weikomt is net seker. De namme is lykwols bewarre bleaun yn in pear fan de gebieten bylâns de Noardseekust: West-Fryslân, Fryslân Ostfryslân en Nordfryslân.



Yn Belgje lizze ek provinsjes mei de nammen Limburch’en ‘Brabân’, hoe sit dat?
Foar de skieding tusken Nederlân en Belgje wie der sprake fan ien grutte regio Brabân en fan ien grutte provinsje Limburch. De dialekten dy’t yn dizze grinsprovinsje sprutsen wurde meitsje dan ek diel út fan deselde dialektgroep: dialekten út Belgysk Limburch binne ‘like Limburchsk’ as dialekten út Nederlânsk Limburch. De ryksgrins hat hjir skraach as dialektgrins wurke, omdat it Limburchske taalgebiet him al folle earder foarme hie.
Sa binne ek de dialekten fan de Belgyske provinsjes Antwerpen en Flaamsk-Brabân oan te tsjutten as ‘Brabânsk’.



Wat wurdt der krekt bedoeld mei de namme ‘Flaamsk’?
De namme Flaamsk soarget yn Nederlân gauris foar betizing, omdat it winliken twa ferskillende betsjuttings hawwe kin. It Flaamsk yn inge sin is in sammelnamme foar de.dialekten fan de Belgyske provinsjes West-Flaanderen en East-Flaanderen. Dizze provinsjes falle trouwens gear mei it âlde greefskip Flaanderen (ű.o. de stęden Brugge en Gent lizze yn dizze.provinsjes). De twa boppeneamde provinsjes Flaanderen hienen in grutte ynfloed op de.beweging om it Nederlânsk as twadde taal yn Belgje te erkennen; om de ôfstân mei Nederlân oan te jaan waard stadichoan mear de namme Flaamsk as algemiene term foar Belgysk Nederlânsk brűkt.
It Flaamsk yn romme sin is dus in sammelnamme foar it Nederlânsk dat yn Belgje sprutsen wurdt.

Oersetting: Douwe van der Meulen